Earlike Ieren fine kamera Opsterlanner

10 jul 2015 - 16:50

In ynwenner fan de gemeente Opsterlân krijt mei help fan de plysje syn yn Ierlân ferlerne fotokamera werom. De kamera waard troch in gesin yn Ierlân fûn en omdat der in Nederlânsk kenteken op ien fan de foto's stie, waard der kontakt socht mei de plysje yn Nederlân. Dy kaam der mei help fan it kenteken achter dat de kamera fan de ynwenner fan Opsterlân is. De plysje hat beide partijen yntusken mei-elkoar yn kontakt brocht.

Trefwurden: 
Opsterlân fotokamera Ierlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)