By tafal komme grêfkelders yn Idaerd foar it ljocht

10 jul 2015 - 14:01

Op it hôf fan it tsjerkje fan Idaerd bin ûnferwachts tsien grêfkelders foar it ljocht kaam. By egalisaasjewurk waard troch in graafmasyntsje per ûngelok it gewelf fan in grêfkelder rekke. It blykte te gean om it rêstplak fan Martha Vegelin van Claerbergen van Scheltinga, dy't dêr yn 1835 byset wie. Troch de skea wie ynienen troch in gat, de kelder te sjen.

Dat der in grêfkelder wêze soe, wie net bekend by it tsjerkebestjoer. Dat hie noch wol neifrege oft der in kelder wêze soe, mar dat stie net yn de tekeningen.

Trefwurden: 
Idaerd grêfkelder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)