Bern oan 'e slach yn de flintertún

10 jul 2015 - 13:31

Bern yn de wyk Nijlân yn Ljouwert hawwe freed kastielen makke foar de bisten yn de flintertún oan de Antillenwei. Mienskipskeunstner Nellie Procee docht yn july meardere workshops mei bern yn de flintertún. It doel fan de workshops is om bern en harren âlden te belûken by de flintertún.

De kastielen binne foar krûpelhintsjes, mieren en oare lytse ynsekten. Yn 2012 hawwe buertbewenners it inisjatyf naam om wat te dwaan mei it braaklân oan de Antillenwei. Daan van Zomeren fan it miljeuplatfoarm hat doe in skets makke foar in flintertún.

Trefwurden: 
Ljouwert flintertún
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)