Is it badpaviljoen fan Hylpen noch te rêden?

10 jul 2015 - 11:30

De pearel fan De Sudersee, sa waard it ea neamd. It badpaviljoen fan Hylpen. Mar as der net gau wat bart dan is it te let om it monumintale gebou noch te rêden. De gemeente Súdwest-Fryslân wol dêrom dochs wer yn petear mei de eigener, Douwe van der Meulen. Oanlieding is in grutte picknick kommende snein. In groep minsken dy't har soargen makket oer it paviljoen dat al jierren leech stiet sil snein in fretsume manifestaasje hâlde op de seedyk by Hylpen. Se hoopje dêrmei de ympasse tusken eigener, gemeente en oare ynstânsjes wer flot te lûken.

Wethâlder Durk Stoker krijt dan in petysje oanbean. Hy sjocht yn de aksje in nij startpunt om te sjen oft der wer praat wurde kin oer renovaasje fan it paviljoen. Petearen dêroer hawwe foar it lêst yn 2013 west. It rûn doe om ferskate redenen mis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)