Fiskersboat mei ferdronken skipper werom yn Harns

10 jul 2015 - 07:45

It skip mei oan board it stoflik omskot fan de op de Noardsee ferdronken Urker fisker is tongersdeitejûn oankaam yn Harns, de thúshaven fan de fiskersboat. De plysje docht ûndersyk oan board en der hat ek in lykskôging plakfûn. De 51-jierrige skipper Jan de Boer sloech yn de nacht fan woansdei op tongersdei oer board, nei alle gedachten troch in kombinaasje fan hurde wyn en problemen mei in fiskersnet. Syn kollega's hellen him út it wetter, mar doe wie it al te let.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)