Hearrenfean ferjit te skoaren tsjin Motherwell

09 jul 2015 - 22:08

Sportklup Hearrenfean hat de earste oefenwedstriid tsjin in betelle fuotbalklup, tsjin Motherwell, mei 0-0 lykspile. Hearrenfean wie tsjin de Skotske ploech yn de earste helte better, mar benammen oanfallers Slagveer, Namli en Veerman lieten kânsen lizze.

De twadde helte wiksele trainer Lodeweges sân spilers en dat kaam it spul net te goede. Motherwell is gjin topper yn de Skotske earedivyzje. Se koene fia de neikompetysje op it heechste nivo bliuwe.

Opstelling earste helte: De Fockert, Van Anholt, St Juste, Bijker, Cavlan, Van den Boomen, Thern, Joey van den Berg, Slagveer, Veerman en Namli.

Yn de rêst brocht Lodeweges Thorsby foar Thern. Yn de 70e minút kamen der sân nije spilers yn it fjild: Schoop, Marzo, Van Koesveld, Huizing, Gartenmann, Voest en Amin. Allinnich keeper De Fockert, Thorsby, Cavlan en Slagveer bleaune stean.

In groepke Hearrenfeansupporters hong yn de earste helte in spandoek op mei de tekst 'Phoenix Security en Ben + Stasi maatjes: exit'. De letter 'S' fan Security waard skreaun mei in SS-logo, ferwizend nei de Waffen SS út de Nazy-Dútslân-tiid. Wat der krekt mei it spandoek bedoeld waard, is net dúdlik, mar it soe gean om Ben Takkenberg, haad feiligens fan SC Hearrenfean. De befeiliging, ûnder oare fan it bedriuw Phoenix Security, helle it spandoek yn de rêst fuort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)