Nij doarp- en wykfûns foar gemeente Ljouwert

09 jul 2015 - 20:05

It moat folle makliker wurde foar Ljouwerter wyk- en doarpsbewenners om jild foar plannen te krijen, dy't de leefberens yn de wenwyk of it doarp ferbetterje. Ek as de inisjativen bûten doarps- of wykbestjoeren om ûntwikkele en útfierd wurde.

Om dat mooglik te meitsjen makket de gemeente Ljouwert nij belied. De amtners moatte de plannemakkers helpe en der komt in doarp- en wykfûns dêr't alle jierren 4 ton yn stutsen wurdt. It kin gean om plannen op it mêd fan bygelyks soarch, sport, ynrjochting fan it gebiet of grienbehear.

It nije belied giet 1 jannewaris 2016 yn, alteast as de gemeenteried it ek wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)