Studinten MWD-oplieding NHL manmachtich sakke

09 jul 2015 - 16:56

Goed 80 prosint fan de studinten fan de oplieding Maatschappelijk Werk en Dienstverlening fan hegeskoalle NHL yn Ljouwert is dit jier sakke. Dat falt op te meitsjen út in brief dy't de studinten oan de skoalle skreaun hawwe. Mar 12 fan de 80 studinten hellen wol har diploma.

De oplieding stiet al ûnder ekstra tafersjoch, omdat de kwaliteit fan de toetsing net goed genôch wie. Dêr is al ferbettering yn oanbrocht, mar neffens de studinten hat de tarieding op de toetsing ek net goed genôch west.

De skoalle seit no yn in earste reaksje dat de studinten de kommende tiid better begelaat wurde. Oer oare maatregels sil freed praat wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)