Bakstien yn riolearring is oarsaak wetterlek argyf Harns

09 jul 2015 - 10:43

In bakstien yn de riolearring hat de oarsaak west fan it wetterlek yn it argyf fan Harns. Dat hat bliken dien neidat de lieding ûnder de Voorstrjitte tongersdeitemoarn mei in kamera ynspektearre is. Nei alle gedachten hat de bakstien al sûnt de jierren 80 yn de buis sitten. Doe is de riolearring fernijd.

Kommende moandei wurdt de strjitte iepenbrutsen om de stien út de buis te heljen. It wetterlek yn de kelder fan it stedhûs ûntstie dit wykein. Ferskate dossiers hawwe lichte wetterskea oprûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)