Ljouwerter oppakt foar rellen Skilderswyk Den Haach

09 jul 2015 - 10:03

In 35-jierrige Ljouwerter is woansdei oanhâlden yn ferbân mei de rellen yn de Haachske Skilderswyk. De man hat neffens de plysje op sosjale media bedrigings utere. In spesjaal team fan de plysje is dwaande mei in grut ûndersyk nei oanlieding fan de rellen yn Den Haach.

Dy ûntstiene nei't in Arubaanske man omkaam by syn oanhâlding. Der binne yn totaal 250 fertochten oanhâlden. De plysje slút meardere oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)