Cambuur wint wer mei 7-0

08 jul 2015 - 22:14

SC Cambuur hat foar de twadde kear achterelkoar in oefenwedstriid mei 7-0 wûn. Dy skoare kaam woansdeitejûn op it boerd yn Koatstertille tsjin in amateurregio-alvetal.

Benammen yn de earste helte wist Cambuur it net wol te finen. Nei 45 minuten stie it 6-0 foar de Ljouwerters. De goals waarden makke troch Masek (trije kear), Ogbeche (twa kear) en Barto. Nei it skoft wie it in stik dreger foar Cambuur. Der kaam noch ien goal by fan Valmir Berisha dy't syn earste minuten makke yn de basis fan Cambuur.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)