Fierljeppen Grypstsjerk ferreind

08 jul 2015 - 20:54

De earste klasse fierljepwedstriid fan woansdeitejûn yn Grypstsjerk is ferreind. De wedstriid wie al moai op streek doe't it reinwetter de grutte spulbrekker waard. Dat wie benammen sneu foar Thomas Helmholt. Hy ljepte 19.87 meter en Thewis Hobma 20.51 meter.

De wedstriid fan Grypstsjerk wurdt op moandeitejûn 13 july ynhelle. Dat betsjut in drok programma foar de fierljeppers. Freedtejûn wurdt der ljept yn Winsum en sneontejûn is de twadde wedstriid fan de nasjonale kompetysje yn Zegveld, yn de provinsje Utrecht.

Trefwurden: 
fierljeppen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)