Nije Fryske namme socht foar farferbining Geau-Wâldfeart

08 jul 2015 - 20:46

De gemeente Súdwest-Fryslân ropt minsken op om orizjinele nammen te betinken foar de nije farferbining tusken De Geau en de Wâldfeart. Dy wetterrûte komt oan de stedskant fan de A7. Oan de ein fan de simmer moat de farferbining klear wêze.

Oant en mei 20 augustus meie minsken in namme ynstjoere. It moat lykwols wol in Fryske namme wêze. Yn it belied fan de provinsje Fryslân stiet nammentlik dat Fryske wetters in Fryske namme krije moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)