FIDEO: De âldste campinghâlder fan Nederlân

08 jul 2015 - 19:16

As Jetske Weijma tongersdei 80 jier wurdt, kin it mar sa wêze dat se de âldste campingeigener fan Nederlân is. Sûnt tsien jier beheart se mei har man de minycamping Kippenburg oan de Luts by Aldemardum. Dat die se fanwege fersliten knibbels jierrenlang mei in rinfyts, mar sûnt in knibbeloperaasje ôfrûne winter rint se wer as in ljip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)