Reparaasje oan draaibrêge Lorentzslûzen

08 jul 2015 - 16:39

De skuorren yn de stalen konstrukje fan de noardlike draaibrêge fan de Lorentzslûzen by Koarnwertersân wurde hieltyd grutter. Dêrom wurdt der takom wike in reparaasje útfierd. Eigener Rykswettersteat hie net tocht dat de skuorren sa gau grutter wurde soene.

Troch it wurk oan de brêge kin it skipfeartferkear nije wike fan tiisdeitejûn oant en mei woansdeitejûn gjin gebrûk meitsje fan de Lorentzslûzen. Skippen en boatsjes moatte omfarre fia de Stevinslûzen of it Prinses Margrietkanaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)