Gesichten fan Friezen tenei op bussen yn 'e provinsje

08 jul 2015 - 12:17

De provinsje Fryslân begjint in oanbestegingsproseduere foar it iepenbier ferfier yn Súdeast-Fryslân en ferskate waadeilannen. De hjoeddeistige regeling rint ein 2016 ôf. Dêrnei moat fan alles op 'e nij regele wurde. Opfallend is dat der in nije hússtyl komt. Op bussen komme gesichten fan Friezen te stean en de tekst dy't dêrby stiet is: "Mei elkenien foar elkenien".

Fierder komt der in nij busstasjon yn Drachten by Van der Valk en dêrmei komt it busstasjon by it Van Knobelsdorffplein te ferfallen.

Ek komme der strangere miljeu-easken foar de bussen op de waadeilannen. Dêr binne aanst allinnich noch mar elektryske bussen en bussen dy't op ierdgas ride.

De nije oanbesteging jildt foar in perioade fan fjouwer jier. Der is in budzjet fan goed 12 miljoen euro per jier foar beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)