Scooterrider sjocht net út en falt yn Twizel

08 jul 2015 - 11:48

In 57-jierrige scooterrider út Boerum rekke tiisdeitemiddei ferwûne by in ûngelok op de Optwizel yn Twizel. De man seach te let dat de auto foar him ôfremme. Hy moast dêrtroch sa hurd remje dat hy de macht oer it stjoer ferlear en ûnderút gie.

De bestjoerder is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
scooter Twizel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)