Reedrider Douwe de Vries operearre oan skouderbonke

08 jul 2015 - 11:29

Reedrider Douwe de Vries fan It Hearrenfean is tiisdei mei sukses operearre oan syn skouderbonke. Yn it sikehûs is der in plaatsje op de bonke set. Ofrûne wykein kaam de reedrider te fallen mei de fyts en bruts hy syn skouderbonke.

De Vries die mei oan de TransAlp-fytstocht. Hy ferwachtet dat er gau herstelt fan de blessuere en it trainen ynkoarten wer oppakke kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)