Sisa nimt berne-opfang yn Holwert oer fan Idesta

08 jul 2015 - 10:22

Sisa Kinderopvang nimt it bernedeiferbliuw en de bûtenskoalse opfang Sinnerakkers yn Holwert oer fan Idesta BV. De berne-opfang is in jier lyn begûn yn it nije doarpssintrum. Idesta woe de opfang kombinearje mei it oanbieden fan 24-oers soarch, mar krige dat net fan de grûn. It bedriuw woe dêrom wol fan de goed rinnende berne-opfang ôf.

Sisa nimt ek de pedagogysk meiwurkster oer fan Idesta. De liedster wie yn in jier tiid in bekend gesicht wurden foar de âlden en de bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)