Panenka sjit strafskop op De Jouwer

07 jul 2015 - 21:28

De ferneamde Antonin Panenka hat tiisdeitejûn in oefenwedstryd spile mei in Tsjechysk-Slowaaksk Allstarteam tsjin in regioseleksje út de omkriten fan Langwar. De no 66-jierrige Panenka naam yn de finale fan it EK fan 1976 op bysûndere wize de beslissende strafskop. Dy strafskop gong hiel stadich, en mei in bôchje, rjocht troch de midden fan de goal.

En sûnt dat momint, 40 jier lyn, stiet sa'n strafskop bekend as in Panenka.

By it team fuotballe ek de Slowaak Karol Dobias (67) mei. Dobias hie mei syn 2-0 yn de finale fan 1976 in grut oandiel yn de oerwinning. Der wienen sa'n 200 oant 300 supporters op de wedstriid op De Jouwer ôfkaam dêr't de tagong fergees wie. De wedstriid einige yn in 4-2 oerwinning foar de regioseleksje. Nei ôfrin waarden der noch wol strafskoppen naam. Panenka ferbjustere elkenien op Sportpark de Hegesimmerdyk troch de strafskop net op syn Panenka's te nimmen, mar troch de bal op it lêste momint ôf te lizzen op in meispiler.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)