Hearrenfeanspiler Van Amersfoort skoart op EK

07 jul 2015 - 20:43

SC Hearrenfean spiler Pelle van Amersfort hat Nederlân oan de earste oerwinning holpen op it EK ûnder de 19 jier. Oranje spile tiisdeitejûn tsjin Ruslân yn Larissa yn Grikelân en wûn mei ien doelpunt ferskil. Van Amersfoort makke de 1-0 koart foar de rêst. Fan de oarre Hearrenfean spilers stie Tarik Kada yn de basis en siet Michel Vlap de hiele wedstriid op 'e bank.

Freed is it folgjende duel tsjin Dútslan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)