Bouboeren krije foarljochting oer bestridingsmiddels

07 jul 2015 - 17:39

Rom 300 bouboeren ha tiisdei foarljochting krigen oer hoe't je foarkomme dat bestridingsmiddels de sleat ynspiele. Dat is in hieltyd grutter probleem, omdat de rein hieltyd faker yn grutte buien falt. LTO Noord en Wetterskip Fryslân organisearren dêrom by de proefbuorkerij yn de Kollumerwaard in dei mei seis praktykfoarbylden fan oplossings. It brûken fan kompost is sa'n foarbyld.

Foar de boeren is it wichtich om hjir wat oan te dwaan. As der te folle bestridingsmiddels yn it wetter komme, kin it samar gebeure dat dy middels ferbean wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)