Stenden: "dreech om ekstra dosinten te finen"

07 jul 2015 - 12:55

By Stenden hegeskoalle yn Ljouwert tinke se dat it noch dreech wurdt om 4000 ekstra dosinten te finen de kommende jierren. Minister Jet Bussemaker fan ûnderwiis wol dat graach. It is ien fan de plannen om de kwaliteit fan it heger ûnderwiis de kommende jierren te ferbetterjen.

Om ta it plan te kommen, hat Bussemaker petearen hân mei ferskate hegeskoallen, ûnder oaren mei Stenden. Dêr hoopje se benammen dat der ynsetten wurdt op ynternasjonalisearring.

Dat falt wat ôf, mar bestjoersfoarsitter Klaassen fan Stenden is bliid dat der wol in soad romte is foar fleksibiliteit yn it ûnderwiis. Dat stiet nammentlik ek yn de fúzjeplannen dy't Stenden en NHL ferline wike bekend makke hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)