Aksje foar nije CAO: broadsjes mei gehakbal of hamburger

07 jul 2015 - 12:48

By de poart fan it bedriuw Stertil yn Koatstertille wurdt woansdei aksje fierd. Dit wurdt dien omdat der noch hieltyd net in nije CAO is yn de grutmetaal. De fakbûnen FNV en CNV roppe it personiel op om yn it skoft tusken 12.15 en 12.45 nei bûten te kommen foar in broadsje gehakbal of in broadsje hamburger. Ek wurde de meiwurkers frege om yn septimber mei te dwaan mei in grutte staking yn Súd Fryslân.

Der wurdt al fiif wike aksje fierd foar in nije CAO. Der wurdt ûnder oaren striden foar leansferheging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)