82-jierrige autobestjoerder rydt 71-jierrige fytser oan

07 jul 2015 - 11:55

In 71-jierrige fytster út Burgum is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding. Se waard yn har wenplak rekke troch in auto op de krusing fan de Klompmakkersstrjitte en de Skoalstrjitte. De frou woe op de krusing ôfslaan, mar in 82-jierrige automobilist besocht har op dat momint rjochts yn te heljen. Hy koe de oanriding net mear foarkomme.

De frou is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)