Bêste Fryske terrassen binne te finen yn Snits

07 jul 2015 - 10:05

As je dizze simmer noflik op in terraske sitte wolle, dan kin je neffens it fakblêd Misset Horeca it bêste nei It terras fan grandcafé Bommel yn Snits. Fan alle Fryske terrassen stiet dit terras yn de lanlike top 100 op plak fjirtjin. Snits docht it dochs goed, want ek it twadde Fryske terras út de list leit dêr: Onder de Linden stiet op plak 22, ien plak heger as 't Gerecht op It Hearrenfean.

It bêste Fryske terras fan ferline jier, Galamadammen yn Koudum, komt dit jier net yn de top 100 foar.

De oare Fryske terrassen dy't de top 100 helle hawwe binne: Fellini City Lounge yn Ljouwert (46), De Walrus yn Snits (63), Riviera Lounge op Flylân (77) en De Buurman op It Hearrenfean (84).

Sjoch hjir foar de folsleine top 100.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)