Spoarfytsûndernimmer sleept gemeente foar de rjochter

06 jul 2015 - 19:56

Spoarfytsûndernimmer Chris Rijff sleept de gemeente Ljouwerteradiel foar de rjochter. Hy wol sa ôftwinge dat syn fergunningoanfraach yn behanneling naam wurdt. Syn stifting Noord-Friese Lokaalspoorwegmaatschappij wol op in part fan it âlde trajekt fan it Dokkumer Lokaaltsje spoarfytsen ride litte. Se bin dêr al jierren mei dwaande en hawwe al foar tsientûzenen euro's ynvesteard. De gemeente hat oare plannen en nimt de fergunningoanfraach net yn behanneling.

De kwestje hat laat ta in soad reboelje yn de gemeenteried en in boykot fan de gearkomsten troch FNP en Gemeentebelangen. Rijff hopet dat syn gong nei de rjochter foar in trochbraak soargje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)