Alde wetterput liket oarsaak fan lek yn Harnzer argyf

06 jul 2015 - 17:25
Syktocht nei it wetterlek yn argyfkelder fan Harnzer stedhûs - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

De gemeente Harns tinkt de oarsaak fûn te hawwen fan it lek dat dit wykein soarge foar wetteroerlêst yn it argyf. Neffens âlde tekeningen blykt der in put tsjin it tuorke fan it stedhûs oan te sitten. De gemeente tinkt no dat dy put lek is. Om dêr sekerheid oer te krijen sil de put moarn útgroeven wurde.

It wetter hat net foar grutte skea soarge yn it argyf. Wol is luchtfochtichheid no te heech. De gemeente besiket dy mei droegers nei ûnderen te krijen.

Trefwurden: 
Harns lek argyf wetterput
(Advertinsje)
(Advertinsje)