Omrop TIP: De Omrop de hiele simmer op de camping

06 jul 2015 - 17:23

De ferslachjouwers fan Omrop Fryslân binne dizze simmer op de camping te finen. Sân wiken lang kampearje de ferslachjouwers op ferskate Fryske campings op syk nei de aardige, leuke en bysûndere ferhalen.

De ferslachjouwers dogge alle dagen ferslach op Omrop Fryslân Radio. Ek binne de ferslachjouwers te folgjen fia Instagram. De Omrop-camper is dizze simmer te finen op de folgjende campings:

De Roggeberg yn Appelskea (6 - 10 july)
De Kuilart yn Koudum (13 -17 july
Klein Vaarwater op It Amelân (20 - 24 july)
De Potten yn Snits (27 - 31 july)
It Hout yn Bakkefean (3 - 7 augustus)
De Holle Poarte yn Makkum (10 - 14 augustus)
Bergumermeer yn Sumar (17 - 21 augustus)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)