Thomas Dalgaard tekenet by Deenske SønderjyskE

06 jul 2015 - 13:48

Spits Thomas Dalgaard fan SC Hearrenfean hat in kontrakt fan twa jier tekene by SønderjyskE yn Denemarken. Earder waard al dúdlik dat SC Hearrenfean net fierder woe mei de Deenske spits. Syn kontrakt, dat noch trochrûn oant 2017, waard begjin july per direkt ûntbûn. Hy kaam it ôfrûne seizoen ta tsien wedstriden yn de earedivyzje, mar skoarde net.

Ofrûne wykein hawwe ferdigener Doke Schmidt en oanfaller Luciano Slagveer harren kontrakt mei SC Hearrenfean wol ferlingd. Schmidt tekene foar ien seizoen ekstra, Slagveer foar twa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)