Sneon foar it earst keatswedstriid yn Kaatsheuvel

06 jul 2015 - 13:00

Kommende sneon is der foar it earst in keatswedstriid yn Kaatsheuvel. Organisator Tony Gijswijt kaam yn de kunde mei it keatsen troch syn skoanfamylje út Fryslân. Dat binne allegear fanatike keatsers. Op de fraach fan him oft der ea yn Kaatsheuvel keatst wie, krige der allinnich mar frjemde blikken.

Dat wie oanlieding foar Gijswijt om in keatswedstriid yn dat plak te organisearjen. It begjint sneontemoarn om healwei alven. Nei alle gedachten is de lêste wedstriid tsjin fjouweren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)