Klachten oer jeugdhelp nei oergong nei de gemeenten

06 jul 2015 - 12:57

De oergong fan jeugdhelp nei de gemeenten rint net goed. Der is benammen ûndúdlikheid yn de ferwizing en dat betsjut fertraging foar bern om de needsaaklike soarch te krijgen. Dat docht bliken út de kwartaalsifers fan de Monitor Transitie Jeugd. It probleem spilet ek yn Fryslân dêr't dit jier oant no ta acht meldings formeel registreard binne.

Yn de praktyk giet it om bern mei slimme ytproblemen, eangststoornissen, depresjes en suïsidale gedachten. Jeugdhulp Friesland en it pasjinteplatform Zorgbelang Fryslân werkenne de problemen.

Se pleitsje foar mear saakkundigens by it gemeenteloket, de wykteams en de sintra foar Jeugd & Gezin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)