Brânskea by keukenstudio en fytsmuseum yn Haulerwyk

05 jul 2015 - 18:29

In keukenstudio en it Fytsmuseum oan de Leeksterwei yn Haulerwyk hawwe snein skea oprûn troch brân. Nei alle gedachten is wjerljocht ynslein by de keukenstudio wêrtroch't de brân ûntstie. It wie gjin útslaande brân, mar it siet yn it plafond. De brânwacht hat mei waarmtekamera's yn it plafond kontrolearre oft de brân echt út wie.

It gebou fan it Fytsmuseum dat oan de keukensaak fêstsit, hat reek- en wetterskea oprûn. Dêrtroch kin it museum moandei foarearst net iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)