Gjin Fryske súksessen by twadde etappe Tour de France

05 jul 2015 - 18:02

De Fryske hurdfytsers behellen snein gjin súksessen yn de Tour de France. De twadde etappe, mei betiden rûch waar, gie fan Utrecht nei Neeltje Jans yn Seelân. Bauke Mollema ferlear oardel minút op kânshawwers lykas Froome en Contador. Lieuwe Westra en Pieter Weening spilen gjin rol fan betsjutting en einigen op flinke achterstân.

De etappe waard wûn troch de Dútser André Greipel. De Zwitser Fabian Cancellara pakte de giele trui.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)