Partuer fan Jan Dirk de Groot wint yn Harns

05 jul 2015 - 17:57

De frijeformaasjepartij manlju haadklasse yn Harns waard snein in oerwinning foar Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Se wiene mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Dylan Drent en Daniël Iseger.

Dylan Drent wie de ferfanger foar Taeke Triemstra, dy't yn de finale mei in skouderblessuere ôfheakke. Hans Wassenaar is ta kening fan de partij útroppen.

Trefwurden: 
keatsen Jan Dirk de Groot
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)