Trekkerleafhawwers komme by-inoar op Fryske trekkerdei

05 jul 2015 - 16:13

Yn Earnewâld kamen in soad trekkerleafhawwers by-inoar foar de 6e Fryske trekkerdei. Op in spesjaal parkoers koene de dielnimmers sjen litte hoefolle kontrôle oft se hawwe oer de lûkmasines en strieden se om de titel 'Frysk kampioen trekker behendigheid'.

Guon leafhawwers hiene harren eigen trekker fan stâl helle om mei te pronkjen en om stoere ferhalen te fertellen.

Trefwurden: 
Fryske Trekkerdei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)