Iepenloftspul Snakkerbuorren ferpleatst nei sneintejûn

05 jul 2015 - 12:01

Yn ferbân mei de foarspelde buien is de sânde en lêste foarstelling fan it iepenloftspul fan Snakkerbuorren by Ljouwert fan sneintemiddei ferpleatst nei sneintejûn. Yn de doarpstún fan Snakkerbuorren wurdt dit jier it stik 'De dame komt' opfierd. It giet om in Fryske bewurking fan it ferneamde stik 'Besuch der alten Dame' fan Friedrich Dürrenmatt.

De foarstelling begjint sneintejûn om njoggen oere. De ferwachting is dat it dan sa goed as droech bliuwe sil. De foarstelling is mei 130 kaarten hast útferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)