Alderearste folsleine triatlon fan Fryslân fan start

05 jul 2015 - 09:46

Yn Warns is snein de alderearste folsleine triatlon fan Fryslân úteinset. Om 7 oere gongen de dielnimmers by it Reaklif it wetter yn om 3,8 kilometer te swimmen. De sawat 70 dielnimmers fytse dêrnei in rûte fan 180 kilometer troch Gaasterlân. De triatlon wurdt ôfsletten mei in folsleine maraton mei finish by it Reaklif by Warns.

De waarsomstannichheden wiene earst wol goed, útsein dat it waarm wie. Letter op de sneintemoarn kamen buien opsetten. De organisaasje ropt dielnimmers op om eefkes út de race te stappen as se it net fertrouwe.

De triatlon wie op it lêste momint fan sneon nei snein ferpleatst fanwege de hjitte. Dat hie hiel wat fuotten yn de ierde. De organisaasje wurdt foar in grut part troch frijwilligers dien. Pas sneontejûn let wie de folsleine besetting wer foarinoar.

Dielnimmers dy't de triatlon folbringe, meie harren in Frysman neame, in knypeach nei de ferneamde triatlon Iron Man op Hawaï. Yn Warns dogge njonken Nederlanners ek Belgen en Dútsers mei.

Trefwurden: 
triatlon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)