Cambuur wint fan Drachtster Boys

04 jul 2015 - 21:39

Cambuur hat sneon de twadde oefenwedstriid mei 7-0 wûn fan sneonshaadklasser Drachtster Boys. Yn in tropysk Drachten iepene Ogbeche nei 11 minuten de skoare foar de Ljouwerters. Foar it skoft rûn Cambuur út nei in 3-0 foarsprong. De goals kamen op namme fan Reijnen en Van der Streek. Nei de rêst skoarde Cambuur noch fjouwer kear troch goals fan Mac-Intosh, Reijnen, Bakker (penalty) en Van der Streek. De blessuere fan Manchester City hierling Jack Byrne liket ta te fallen. De ferwachting is dat hy nije wike wer spylje kin.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)