Friezen by start Tour de France yn Utrecht

04 jul 2015 - 14:10

In hiel soad Friezen binne ôfreizge nei de start fan de Tour de France yn Utrecht. De Tour begjint mei in tiidrit oer 13,8 kilometer. Oan de rûte stiet bygelyks in groep hurdfytsfans út Dokkum. Sy hawwe al yn 2013 ûnderdak reservearre yn de stêd.

Fryske helpferlieners binne ek yn Utrecht om te assistearjen by eventuele needsituaasjes. Sa is Jan Haneman fan Harns aktyf foar it Reade Krús op de fyts ûnderweis om help te ferlienen. De ambulânseboat fan Snits is ek by de Tourstart yn Utrecht.

De temperatueren yn de Domstêd binnen oprûn oant oer de tritich graden. Twa minsken binne nei it sikehûs brocht, fertelt in wurdfierster fan it Reade Krús. De helporganisaasje hat oant no ta 47 minsken behannele, net inkeld fanwege de hjitte. Dêr sitte ek minsken by dy't skaafplakken oprûn hawwe.

De gemeente Utrecht meldt dat der 350.000 minsken oan de rûte stean fan de iepeningstiidrit fan de Tour de France. Se hiene mear folk ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)