No offisjeel hjitteweach yn Nederlân

04 jul 2015 - 12:18

Yn Nederlân is no offisjeel sprake fan in hjitteweach, meldt it KNMI. Sûnt tiisdei binne de temperatueren tropysk, mar sûnt sneontemoarn is de hjitteweach offisjeel in feit. Dan moat it fiif dagen achterinoar waarmer wêze as 25 graden, wêrfan trije boppe de 30 graden.

Snein is it yn Fryslân ek noch waarm mei maksima fan 28 graden. Fan moandei ôf sakje de temperatueren nei simmerske wearden fan 25 graden. Tiisdei wurdt it 22 graden en falle der buien. Neffens waarman Pyt Paulusma komt takom wykein de waarmte mooglik werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)