Lestige Eanjumer moat nacht yn de sel trochbringe

04 jul 2015 - 12:01

In 34-jierrige ynwenner fan Eanjum hat de nacht fan freed op sneon trochbrocht yn in plysjesel, nei't er plysjes misledige hie. Buorlju fan de man hiene de plysje belle om't er al langere tiid lûde muzyk draaide en der net mei de man te praten foel.

De plysjes koene net in gewoan petear mei de man fiere. Doe't er de plysjes op strjitte misledige, is er oanhâlden.

Trefwurden: 
Eanjum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)