Iepenloftmuseum De Sûkerei krijt âlde poldermûne

04 jul 2015 - 11:31

De Sûkerei yn Damwâld hat in nije oanwinst. Yn it iepenloftmuseum komt in âlde poldermûne út 1892 te stean. De mûne wurdt restaurearre yn Tsjummearum. It earste diel is no klear. De romp is sneontemoarn mei in spesjaal transport nei Damwâld brocht.

De kommende tiid sil de mûne opboud wurde. Dan sil der ek in grut wetterbassin komme, sadat de poldermûne takom jier ek echt oan it wurk kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)