Man smyt yn Drachten autorút yn mei drankflesse

04 jul 2015 - 09:24
Foto: ANP XTRA

De plysje yn Drachten siket in man dy't lústeret nei de namme Wessel. De man wurdt derfan fertocht dat er freedtenacht op it Raadhúsplein mei in drankflesse in autorút ynsmiten hat. De fernieler is sawat 1.85 meter lang, hat ljocht hier en in wyt himd oan. Tsjûgen kinne harren melde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)