Wommels wint 17e Frysk kampioenskip Jeu de Pelote

03 jul 2015 - 22:25

De 17e edysje fan it Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote is wûn troch Wommels. Op it plein yn Easterlittens bleaunen freedtejûn de keatsers Jaap Toering, Jacob Klaas Haitsma, Erik Haitsma, Gerrit Flisijn en Redmar Strikwerda Ljouwert mei mar leafst 10-1 de baas. By Ljouwert ûntbruts gongmaker Hans Wassenaar, omdat dy de finale fan de Masters op It Hearenfean helle. Wommels wûn ek yn 2012. De tredde prizen wiene foar Bitgum en Makkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)