SC Hearrenfean pakt lytse oerwinning op VVOG: 3-2

03 jul 2015 - 21:54

SC Hearrenfean spile freedtejûn de twadde oefenwedstriid tsjin VVOG út Hurdewyk. Al nei seis minuten waard it 1-0 foar Hearrenfean troch in doelpunt fan Pascal Huser. Fierderop yn de earste helte wie Maarten de Fockert te let by in aksje yn it strafskopgebiet. De penalty wie raak en dêrtroch waard it wer gelyk.

SC Hearrenfean begûn de twadde helte mei tsien nije spilers. Pele van Anholt sette yn de 54ste minút Hearrenfean wer op foarsprong. Rannick Schoop makke de 3-1, mar seis minuten foar tiid makke VVOG 3-2.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean VVOG
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)