SC Cambuur wint earste oefenduel krap mei 2-1 fan DTD

03 jul 2015 - 21:17

SC Cambuur hat freedtejûn yn Jelsum de earste oefenwedstriid fan it nije seizoen mei 2-1 wûn fan DTD. Yn in matich duel kaam it earste doelpunt op namme fan Furdjel Narsingh. Dat wie ek de rêststân. Yn de twadde helte makke Sander van der Streek al gau de 0-2. Domper yn de twadde helte wie de blessuere fan Manchester City-oanwinst Jack Byrne. Hy moast mei in ankelblessuere it fjild ferlitte. DTD-spits Hendrik Harm Kingma koe út in strafskop de einstân noch bepale op 1-2.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)