Westra, Weening en Mollema sneon fan start yn Tour de France

03 jul 2015 - 17:42

Trije Fryske hurdfytsers sille sneon yn Utrecht yn de Tour de France fan start. Lieuwe Westra fan De Tynje, Pieter Weening fan dD Harkema en Bauke Mollema út Ljouwert krigen tongersdeitejûn in grut applaus by de ploegepresintaasje.

Bauke Mollema kaam as kopman fan de Amerikaanske Trekploech as earste Fries op it poadium. Ek Pieter Weening wie wiis mei de ûntfangst yn de Nederlân. Lieuwe Westra wie de tredde Fries dy't oan it publyk foarsteld waard.

De Fryske band Vangrail hie ek in wichtige rol. De formaasje fan sjonger Raynoud Ritsma fermakke it publyk mei in spetterjend optreden. Sneon is de echte start fan de Tour de France mei in tiidrit fan krapoan 14 kilometer troch it sintrum fan Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)