Gemeente Opsterlân: gjin asbest by brân Bakkefean

03 jul 2015 - 14:17

By de brân yn de nacht fan tongersdei op freed yn Bakkefean binne gjin skealike stoffen yn de omjouwing telâne kaam. Dat meldt de gemeente Opsterlân. Troch de wjerljocht ûntstie der brân yn in wenning oan de Nije Drintse Wei. Ek soe der sprake wêze fan asbest.

Mar út ûndersyk fan de gemeente hat no bliken dien dat de direkte omjouwing skjin is. Der binne dan ek gjin risiko's foar de folkssûnens. It gebou is troch de brân bot skansearre rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)