Fytster oanriden troch frachtwein yn Feanwâlden

03 jul 2015 - 10:16

In 21-jierrige fytster út Broeksterwâld is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Rûnwei yn Feanwâlden. Se waard oanriden troch in frachtwein doe't se de dyk oerstekke woe.

De frou hie de frachtwein wol sjoen, mar tocht dat se der noch wol foar del koe. De 24-jierrige frachtweinsjauffeur koe de frou net ûntwike. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)